SC Hearrenfean komt tsjin Roda JC net fierder as lyk spul

SC Hearrenfean hat sneontejûn yn it eigen Abe Lenstra Stadion net winne kinnen fan Roda JC. De ploech fan trainer Jurgen Streppel hie faker de bal en krige mear kânsen, mar stapte mei in lyk spul fan it fjild. Op It Hearrenfean einige de wedstriid yn 1-1.
Hearrenfean sette goed útein. It earste gefaar yn de wedstriid kaam fan de foet fan Martin Ødegaard, mar hy fûn keeper Hidde Jurjus op syn paad. Healwei de earste krige Ghoochannejhad in goede mooglikheid, mar de spits skeat krekt njonken de goal fan Roda JC. Hearrenfean wie better en dat levere ek kânsen op, mar skoare die de thúsklup net.
Roda JC wol. Tsien minuten foar it skoft kopte Fred Ngombo de Limboargers op foarsprong. Hearrenfean gie fuortendaliks op syk nei de lykmakker en wie tichtby doe't oanfierder Stijn Schaars in frije traap op de latte skeat. Dêr bleau it yn de slotfaze fan de earste helte by, wêrtroch't Hearrenfean mei in 1-0 efterstân de klaaikeamer opsocht.

Goal Zeneli

Nei de tee gie Hearrenfean troch mei Roda JC ûnder druk sette en dat smite direkt kânsen op. In kopbal fan Morten Thorsby gie oer en in hurd skot fan Arber Zeneli krekt neist. In kertier foar tiid wie Zeneli wol suksesfol. Op oanjaan fan ynfaller Henk Veerman skeat de Kosovaar de lykmakker tsjin de touwen. Fier yn blessueretiid wie Thorsby noch ticht by de 2-1, mar de Noar skeat de bal krekt neist de goal fan Jurjus.
SC Hearrenfean - Roda JC 1-1 (0-1). 35. Fred Ngombo 0-1, 74. Arber Zeneli 1-1. Giele kaarten: Reza Ghoochannejhad (SC Hearrenfean), Mohamed el Makrini (Roda JC).
Opstelling SC Hearrenfean: Hansen; Dumfries, Høegh, Pierie, Bulthuis (54. Woudenberg); Schaars, Thorsby, Kobayashi (61. Michel Vlap); Ødegaard, Ghoochannejhad (61. Henk Veerman), Zeneli.