Follybalsters VC Snits boartsje thús mei Flynth FAST

De follybalsters fan VC Snits © www.dijksfotografie.nl
De follybalsters fan VC Snits hawwe sneontejûn yn eigen hûs mei grut gemak de kompetysjewedstriid fan Flynth FAST wûn. De ploech fan trainster Petra Groenland wie yn trije sets fierstente sterk foar it team út Gennep en Sint Anthonis (3-0).
De froulju út Snits wûnen de earste set mei 25-9, de twadde mei 25-13 en de tredde mei 25-17.
Troch de oerwinning bliuwt Snits op it twadde plak stean, efter Sliedrecht Sport. Dy ploech wûn mei 3-1 fan VC Nering Bögel út Weert.