Basketballers Aris ferlieze yn eigen hûs fan Zwolle

10 feb 2018 - 22:06

De basketballers fan Aris hawwe sneontejûn op eigen fjild de kompetysjewedstriid tsjin Zwolle ferlern. Utsein it earste en lêste kwart kaam de ploech fan trainer Tony Van den Bosch der yn sporthal Kealledykje net oan te pas. It waard yn Ljouwert 85-73 foar Zwolle.

Aris stie nei it earste kwart mei 20-17 efter. Yn it twadde kwart wreide Zwolle de skoare út en stie it mei 45-29 foar. Yn it tredde kwart slagge it Aris net tichter yn de buert te kommen fan Zwolle en wie de tuskenstân 70-53 yn it foardiel fan de Zwollenaren. Yn it lêste kwart makke Aris noch wol fiif punten mear as Zwolle, mar de winst fan Zwolle kaam fansels net mear yn gefaar.

Takom tongersdei komt Aris wer yn aksje. Dan stiet de thúswedstriid tsjin Rotterdam op it programma.

Trefwurden: 
Aris Zwolle basketbal
(advertinsje)