Geunstige lotting foar Kramer; De Vries rydt tsjin Noar

10 feb 2018 - 20:50

Sven Kramer komt snein op de Olympyske 5000 meter yn de foarlêste rit yn aksje tsjin de Dútser Patrick Beckert. Dêrmei is de lotting fan Kramer geunstich te neamen. De grutste konkurrinten hawwe dan al riden en dus wit Kramer wat der fan him frege wurdt.

Bob de Vries hat syn 5000 meter dan ek al riden. De Vries komt yn rit fjouwer yn aksje tsjin Simen Spieler Nilsen út Noarwegen.

Wrâldrekôrhâlder Ted-Jan Bloemen rydt yn de rit foar Kramer tsjin de Noar Sverre Lunde Pedersen.

(advertinsje)