Kom yn 'e kunde mei de doarpsbewenners fan Feanwâldsterwâl

Fan moandei ôf leart hiel Fryslân 128 ynwenners fan Feanwâldsterwâl kennen. It projekt Iepen Doarp hat alle doarpsbewenners frege om in ynterview te jaan en hast allegear diene sy de doar iepen. It LF2018-projekt is betocht troch Sjoerd Litjens, sels âld-ynwenner fan it doarp.
Litjens woe it doarpslibben op in moaie manier yn byld bringe en sa it begryp 'mienskip' fan tichtby ûndersykje. By alle ynterviews dy't sjoernalisten Sippy Tigchelaar, Hester Heite en Sjoerd Litjens ôfnaam hawwe, hawwe fotografen Tryntsje Nauta en Marieke Kijk in de Vegte foto's makke.
Fan moandei ôf binne de ynterviews by Omrop Fryslân te hearren en te sjen. Alle dagen ien. Op deitelefyzje alle oeren en moarns om 6.45 oere op de radio yn Fryslân fan 'e moarn. Alle portretten binne ek te hjir te sjen.