Doarpskafee Wergea iepenet nei healjier doarren wer

10 feb 2018 - 18:47

Kafee 's Lands Welvaren is wer iepen en dêrmei hat Wergea it doarpskafee wer werom. Ofrûne simmer wie it kafee fallyt gien, neidat it kafee de rekken fan muzykrjochte-organisaasje Buma/Stemra net betelje koe.

It kafee stiet no ûnder lieding fan alve manlju. Arjen Wielenga is dêr ien fan. Hy hat der alle betrouwen yn dat it kafee rendabel wurde sil. "It is in moaie, nije kâns en yn it doarp is der in protte draachflak."

Sneontemiddei wie de offisjele weriepening fan it kafee mei Lutz Jacobi en Hans Wiegel. Neffens Jacobi, ynwenster fan Wergea, is it wichtich dat it kafee wer iepen is. "Foar in protte Wergeasters is it kafee in plak mei emoasje. Dêrby is it wichtich foar it ferieningslibben, lykas it darten en biljerten."

(advertinsje)