Spoaren fan brânstichting by Islamitisch Centrum yn Drachten

Yn de nacht fan freed op sneon is by it Islamitisch Centrum yn Drachten besocht brân te stichtsjen. Sneontemiddei ûntduts in besiker fan it sintrum oan de efterkant fan it gebou spoaren fan brânstichting, sa seit bestjoerslid Khalid Bennaceur fan de moskee. "Diegene trof een kapot ruit aan en zag brandsporen op de buitenkant van de muur."
Sneontemoarn makken besikers harren op foar it gebed en rûkten in terpentine-lucht. Middeis waard dúdlik wêr't dy lucht wei kaam. "Toen hebben wij de politie ingeschakeld", seit Bennaceur.
De plysje tinkt dat de brân tusken 3.30 en 4.00 oere oanstutsen is en docht ûndersyk nei it ynsidint. It Islamitisch Centrum hat yntusken oanjefte dien fan fernieling.