Alkomobilist thús brocht

15 jun 2012 - 11:37

Yn Kollumersweach is yn de nacht fan tongersdei op freed in 40-jierrige automobilist út Aldwâld oanhâlden. De man wie earder dy jûns yn Ljouwert ek al oanhâlden omdat er ûnder ynfloed fan alkohol ried. Ek die bliken dat er gjin rydbewiis hie. Mei in rydferbod wie er doe fuortstjoerd.

Yn Noardburgum seagen aginten de man wer riden. Nei in achterfolging, wêrby't hege snelheden helle waarden, waard de man úteinlik oanhâlden. Om foar te kommen dat er wer achter it stjoer stapte ha plysje de man mar thús brocht.

(advertinsje)