Betize man oanhâlden

15 jun 2012 - 11:32

De plysje hat tongersdei in man fan 29 út Skarsterbrêge oanhâlden. De man hie yn ferwarde tastân mei in stoeptegel de ruten fan syn wenning oan de Hollandiastrjitte fernield. Yn in skuorre hie er in gasflesse iependraaid. Omwenners koene de flesse al gau wer tichtdraaie.

De man draafde der fan troch en sprong by de Dyk yn it wetter. Dêr koe de plysje him út it wetter helje. Om himsels en oaren te beskermjen is de man ynsletten.

Trefwurden: 
plysje betize man plysjenijs
(advertinsje)