Bibelske held Simson sintraal by Sint Vitus Passy yn Wetsens

10 feb 2018 - 16:39

Yn de Sint Vitustsjerke yn Wetsens is sneon bekendmakke hoe't de Sint Vitus Passy der út komt te sjen. Dizze foarstelling is ûnderdiel fan Under de Toer, dat binne 32 manifestaasjes dy't yn it ramt fan Ljouwert-Fryslân 2018 opfierd wurde yn Fryske tsjerken. De tsjerke fan Wetsens hat al jierrenlang gjin toer mear en dat is krekt de oanlieding foar dizze manifestaasje.

Komponist Anne de Bruijn helle syn ynspiraasje foar de Sint Vitus Passy troch in bysûnder barren út 1842. Op in sneintemoarn preke de dûmny yn de Sint Vitustsjerke oer de lêste krêftsynspanning fan Simson. Yn it ferhaal soarget Simson derfoar dat de Filistijnske timpel fan Dagon ynstoart. Doe't de dûmny dwaande wie mei de preek dêroer, stoarte ek de toer fan de Sint Vitustsjerke yn.

De Bruijn wol Simson en Sint Vitus werombringe yn de foarstelling. "Dit is een uniek project dat tot stand komt voor, en vooral door de mensen uit de omgeving." De Sint Vitus Passy sil opfierd wurde tusken 18 en 27 maaie.

(advertinsje)