Knegt nei sulveren race: "De Koreaan wie krekt wat flugger"

Sjinkie Knegt kaam sneon op de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä as twadde oer de streek yn de finale fan de 1.500 meter. Knegt moast yn Gangneung de Koreaan Lim Hyo-jun foar gean litte, wêrtroch't de shorttracker út Bantegea de sulveren medalje útrikt krige. "Ik kaam om te winnen", seit Knegt. "Ast dan twadde wurdst is dat hartstikke soer."
Knegt wist wol wêr't it oan lei. "Ik kaam te fluch oan kop. Race-taktysk gie it allegear krekt wat oars as ik fan te foaren pland hie. Ik die it goed, mar de Koreaan wie krekt wat flugger. Untsettend spitich."