Wüst oer har sulveren medalje: "Ik ben op waarde geklopt"

10 feb 2018 - 15:34

Ireen Wüst pakte sneon by de Olympyske Spelen yn Súd-Koreä de sulveren medalje op de 3.000 meter. Carlijn Achtereekte wie har yn Gangneung krekt te fluch ôf, mei acht hûndertste fan in sekonde. "Ik ben op waarde geklopt", seit Wüst. "Ik moet tevreden zijn en dat ben ik uiteindelijk ook. Natuurlijk wilde ik graag goud winnen, maar dit is topsport. Dit hoort erbij."

Wüst siet de hiele race ûnder it skema fan Achtereekte, mar joech dy foarsprong yn de lêste ronde út hannen. "Ik heb een goede race gereden, maar het was één rondje te ver."

Antoinette de Jong waard efter Achtereekte en Wüst tredde. Har heit Dirk wie ien fan de tsjûgen: "Wy binne der hiel tefreden mei", seit er. "Sy hat in hiel goede race riden."

(advertinsje)