Simmer yn Fryslân kampanje los

15 jun 2012 - 11:20

Omrop Fryslân set fan sneon 16 juny wer útein mei de tradysjonele Simmer yn Fryslân-kampanje. Dit jier wurdt ûnder oare live omtinken bestege oan de Slachtemaraton, de Olympyske Spelen en fansels oan it skûtsjesilen.

De simmerhit fan dit jier 'Wikkerdewik' is skreaun en songen troch de meiwurkers fan de Omrop. By it ferske is ek in fideoklip makke: in lipdub. Dizze is fan freed 15 juny ôf te sjen op Omrop Fryslân tillevyzje.

Op sawol radio as tillevyzje binne dizze simmer wiidweidich ferslaggen fan ûnder oaren itsSkûtsjesilen, de PC, it fierljeppen en de Solar Challenge te sjen. Mar ek is der alle dagen út Londen wei in ferslach fan de Olympyske Spelen. Fierder komt de Omrop mei in nij televyzjeprogramma: Moreel Kompas; oer de prinsipes dy’t bekende Friezen, lykas advokaat Tsjalling van der Goot en reedrydcoach Jillert Anema, hantearje by it meitsjen fan karren yn harren libben. Ek radio komt yn ferskate programma’s mei simmerske reportaazjes en minsken kinne de nijste iPad winne by de skûtsjepool en De Bêste. Dit, en noch folle mear, dizze simmer yn Simmer yn Fryslân 2012!

(advertinsje)