Aggemabokaal foar frijwilligers Skipfeartmuseum

10 feb 2018 - 14:09

De Aggemabokaal is sneontemoarn troch karnavalsferiening De Oeletoeters yn Snits útrikt oan de frijwilligers fan it Frysk Skipfeartmuseum. De priis wurdt alle jierren útrikt oan minsken dy't it ôfrûne jier in positive bydrage levere hawwe oan de Snitser mienskip. Prins Wietze de Earste krige op it stedhûs ek de kaaien fan de stêd oerlange troch lokoboargemaster Stella van Gent. Tiisdei moatte de kaaien wer weromjûn wurde. Yn de tuskentiid wurdt it karnaval fierd yn de stêd dy't no foar eefkes Drabbelterp hjit.

(advertinsje)