Sjinkie Knegt wint sulver op 1500 meter

Shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea hat op de earste dei fan de Olympyske Spelen sulver wûn op de 1500 meter. It is foar Knegt de twadde medalje op de Winterspelen. Yn 2014 pakte er yn Ruslân brûns op de 1000 meter. It wie in tige drokke finale, mei mar leafst njoggen riders. Wêrûnder ek Itzhak de Laat fan Aldskoat, hy einige op it sechde plak. It goud gie nei de Súd-Koreaan Lin.
Earder op de moarn waard de kwartfinale riden. Itzhak de Laat makke mei in twadde plak yndruk, wylst Sjinkie Knegt in ienfâldige kwartfinale ride koe. Dit kaam om't trije fan syn tsjinstanners inoar ûnderúthellen. Hjirtroch kamen der yn totaal mar trije riders oer de einstreek en koe Sjinkie yn ien kear troch nei de heale finale.
Heale finale
Ek de heale finale smiet gjin problemen op foar Sjinkie Knegt. Hy kaam hjir as earste oer de streek. De race fan de rider út Bantegea hie opnij te krijen mei in protte falpartijen wêrtroch't Knegt him frij maklik kwalifisearje koe foar de úteinlike finale.
Dreger wie it foar Itzhak de Laat, dy't yn syn heale finale te krijen hie mei in falske start. Hjirnei ried er in knappe race, en lei er oan de ein fan de rit foar in koart skoftke sels twadde. De ynwenner fan Aldskoat moast it yn syn heale finalerace úteinlik dwaan mei in tredde plak, en like dêrmei in plakje yn de B-finale te krijen. Mar de sjuery naam fanwege in oertreding fan in oare rider in oar beslút, en liet De Laat úteinlik dochs meistride foar in medalje yn de A-finale. ​