Wüst en De Jong winne sulver en brûns op 3000 meter

Ireen Wüst en Antoinette de Jong hawwe op de 3000 meter fan de Olympyske Spelen sulver en brûns wûn. Se kamen net oan de tiid fan de ferrassende winneres, de Oeriselse Carlijn Achtereekte. Dy makke earder op de middei al yndruk mei in tiid ûnder de fjouwer minuten op in leechlânbaan, nammentlik 3.59.21. Wüst stoarte oan de ein yn en kaam úteinlik acht hûndertste tekoart. Wüst finishte yn 3.59.28. De Jong kaam yn 4.00.02 oer de streek.