Brân yn wenhûs Drachten

15 jun 2012 - 11:10

De plysje ûndersiket in wenningbrân yn Drachten. Tongersdei om even foar healwei achten moarns waard de 49-jierrige bewenster wekker makke troch har bern fan trije en seis. Sy hienen nei alle gedachten mei fjoer boarte.

De frou koe sels it fjoer útmeitsje mar rûn dêrby wol brânwûnen oan har hannen op. Se is behannele yn it sikehûs Nij Smellinghe.

(advertinsje)