Shorttrack froulju útskeakele op de ôflossing

10 feb 2018 - 13:20

De Nederlânske ôflossingsploech by de froulju is der net yn slagge om him te pleatsen foar de A-finale op de Olympyske Spelen. Yn de heale finale einige de frouljusploech, mei dêryn Suzanne Schulting fan De Tynje, as tredde. Sina en Italië waarden de nûmers ien en twa en dy pleatse harren wol foar de A-finale. Nederlân like dêr ek op ôf te riden, om't de froulju yn de einfaze op it twadde plak leine. Mar de Italiaanske Arianna Fontana helle Schulting dochs noch yn, wêrtroch't Nederlân tiisdei ride moat yn de B-finale.

Rianne de Vries fan Akkrum wie reserve en kaam net yn aksje.

(advertinsje)