Plysje siket trochrider by Twizel

10 feb 2018 - 13:06
Plysje uniforms - Foto: ANP XTRA

Op de Sanbultserwei by Twizel is sneontemoarn in lantearnepeal ûnderstboppe riden. De bestjoerder fan de auto dy't tsjin de peal botste, is dêrnei trochriden. Neffens de plysje giet it om in Volkswagen Transport-buske, sjoen de ûnderdielen dy't op de dyk lizzen bleaun binne. De auto moat dan ek in soad skea hawwe. De plysje freget de bestjoerder om him as har te melden.

Trefwurden: 
Twizel plysje
(advertinsje)
(advertinsje)