Lichem Hemminga fûn oan Fedde Schurerplein op It Hearrenfean

10 feb 2018 - 13:03

It lichem dat sneontemiddei fûn is yn in stik bosk oan it Fedde Schurerplein op It Hearrenfean, is fan de 73-jierrige Jan Hemminga út Akkrum. Hemminga waard sûnt freedtemiddei fermist. Neffens de plysje is fan in misdriuw gjin sprake.

Hemminga ried freed fuort yn syn auto om syn hobby út te oefenjen. Dit 'geocoachen' is in soart speurtocht yn de natuer op basis fan in gps-ûntfanger. De auto stie op in parkearplak yn de buert fan it Fedde Schurerplein.

Hemminga wie 22 jier riedslid en wethâlder yn de eardere gemeenten Utingeradiel en Boarnsterhim. Hy stapte yn 2013 op 69-jierrige leeftyd út de polityk.

(advertinsje)