Schulting ûnderút yn earste Olympyske race

Suzanne Schulting (R) op it iis yn Súd-Koreä © ANP
Shorttrackster Suzanne Schulting fan De Tynje is ûnderút gien yn de earste kwalifikaasjewedstriid op de Olympyske Spelen. Yn de earste searje op de 500 meter gie de Friezinne ûnderút nei't har redens ûnder har wei skoden. Der wie gjin tsjinstanner yn har buert. De rit fan Schulting begûn ek al mei in falpartij. Yn de earste bocht hellen twa konkurrinten fan Schulting inoar ûnderút. Hjirtroch moast de race oerdien wurde. Schulting komt letter op de Olympyske Spelen noch yn aksje op ûnder oare de ôflossing, de 1000 meter en de 1500 meter.