Eardere Aegongebou wurdt plak foar Ljouwerter studinten

10 feb 2018 - 09:58

It eardere Aegongebou tsjinoer it treinstasjon yn Ljouwert wurdt ferboud ta studintebolwurk. Der komme 476 ien-keamerapparteminten yn it 30.000 kante meter grutte gebou. Op de ûnderferdjipping komt 3.000 kante meter oan kommersjele romte. It studintebolwurk krijt de namme Markt 058 en moat yn it earste fearnsjier fan 2019 klear wêze. It gebou is yn 1988 boud op it eardere feemerkterrein. Der sieten sa'n 1100 meiwurkers fan Aegon yn it gebou, mar dy binne yntusken ferhuze nei konkurrint Achmea.

De Rotterdamske ûntwikkeler Leyten is de opdrachtjouwer fan it projekt, dat útfierd wurdt troch de Friso bougroep út Snits.
 

(advertinsje)