Plysje hat hannen fol oan beskonken famkes

© ANP XTRA
Twa dronken famkes hawwe de plysje yn Ljouwert hannen fol wurk besoarge. In 16-jierrich famke út Ljouwert is yn de nacht fan freed op sneon yn de Grote Hoogstrjitte oanhâlden om't se mei in flesse sterke drank oer strjitte rûn. Se krige trije prosessen-ferbaal mei: ien foar it net sjen litten fan de identiteitskaart, ien foar it opjaan fan in falske namme en ien foar iepenbiere dronkenskip.
In 17-jierrich famke waard sneontemoarn tsjin healwei fiven oanhâlden om't se by in fjochtpartij yn de Klokstrjitte belutsen wie. It famke wie dronken en bleau de konfrontaasje mei oaren sykjen. Se is dêrom meinaam nei it plysjeburo. Dêr krige se in proses-ferbaal foar it fersteuren fan de iepenbiere oarder.