Kollum: "Lake Placid"

10 feb 2018 - 08:13
  • De Toan fan Ferdinand de Jong

"Febrewaris is altyd ien grutte oanienskeakeling fan jierdeis. Dat is ek net sa frjemd, want de measte minsken binne bliid dat it nei de safolste horrorwinter wer moai waar wurden is en blykber wurket dat goed as middel om bern oan te setten. Us bern binne trije dagen efter inoar op de wrâld kaam. Der siet wol trije jier tusken, mar dochs. Eins in weardeleaze planning fansels, want ik haw sels in dei as wat letter ek myn jierdei. In bytsje sprieding hie nofliker west, mar it is al sa. De oare kant is dat je der dan mar wer ôf binne.

It lestige oan jierdeis is, dat se je alle jierren wer freegje wat je hawwe wolle. En dat wit ik al jierren net. De safolste aftershave? Eartiids wie it makliker, doe smookte ik noch. Je hiene altyd as útflecht in nije Zippo oanstekker, fjoerstientsjes en by need in doaze sigaren. Mar ja, smoke dogge net safolle minsken mear. It pakje tabak kostet tsjintwurdich ek hast likefolle as in Bitcoin, dus ik bin net rouwich dat ik derôf bin. Mar it makket de fraach oer wat je op de jierdei hawwe wolle der net makliker op.

Dit jier haw ik al hielendal net in soad winsken. Justerjûn haw ik al in moai jierdeikado krigen, want doe wie de presintaasje fan myn nije roman. Dus wat moat ik dan no noch freegje? As jim as harkers fan de Omrop in idee ha, hear ik it graach.

Febrewaris is tradisjoneel de moanne fan de Olympyske Winterspullen. Ek dizze kear sil de Nederlânske ploech syn bêst dwaan om safolle mooglik medaljes te heljen. Dat sil benammen by it reedriden barre. Op de langebaan en by it shorttrack. De oare wintersporten binne wy net sa yn thús, wy dogge ek mar oan 4 dissiplines mei.

Earlik sein fyn ik de Winterspullen moaier as de Simmerspullen. En ien fan dy eveneminten is my altyd bybleaun. In wie krekt noch gjin alve jier doe't op 13 febrewaris 1980 yn Lake Placid de Eric Heiden Winterspullen úteinsetten. Dy duorren oant de 24e febrewaris. Doe wie ik wol alve.

Eric Heiden wûn alle ôfstannen by it langebaanriden op fenomenale wize. Ik wit noch dat er oan it begjin fan de tsien kilometer laitsjend nei syn tsjinstanner seach en dêrnei de turbo oanslingere. Hy ried 14.28, in tiid dy't grif nea wer ferbettere wurde soe, sei de ferslachjouwer, mar dy hie it mis. Mart Smeets hie it drok mei Ria Visser, want dy twa hienen dêr in koarte românse, sa fertelden se jierren letter. It wie ek de iennichste kear dat de Nederlânske iishockeyers harren wisten te pleatsen foar de Winterspullen. Se einigen op it njoggende plak.

Eric Heiden easke by de manlju hast alle oandacht op. Mar der wie ek Frysk sukses. Nee, net in wrâldferneamde allrounder, Hilbert van der Duim helle it poadium net, mar it wie in frijwat ûnbekende brûnzen medalje dy't dêr slûchslim helle waard. En earlik sein tink ik dat der in soad harkers binne dy't net witte wa't der brûns helle op de 500 meter yn Lake Placid. De sulveren medalje fan Jan Ykema yn 1988 op deselde ôfstân yn Calgary is op ien as oare wize folle mear yn it ûnthâld hingjen bleaun. Doch is de brûnzen plak fan Lake Placid like knap en miskien noch wol mear bysûnder. Yn de dielnimmerslist sieten mannen as de Kanadees Geátan Boucher mei syn geweldige bochttechnyk, de Noar Frode Rønning en it Russyske ienmans destruksjebedriuw Sergei Chlebnikov mei boppeskonken as beamstammen. Mar dy waarden der allegearre ôfriden troch in âld hurdfytser út Oerterp. Ien fan de meast ferjitten medaljes waard op 15 febrewaris 1980 wûn troch Lieuwe de Boer. Noch ien kwisfraach foar aanst by de kofje: Wa wie de earste Fries dy't in gouden medalje helle op de Olympyske Winterspullen? Ja, dy is net sa maklik..."

(advertinsje)