Tsjinstanners fiele har oerfallen troch nijs oer boarringen

10 feb 2018 - 07:49

Tsjinstanners fan de proefboarringen nei gas by Skiermûntseach fiele harren oerfallen troch de oankundiging fan in twadde proefboarring takom wike, troch it Britske bedriuw Hansa Hydrocarbons. Dit wykein al set neffens de Werkgroep Horizon Schiermonnikoog in boarplatfoarm ôf fan IJmuiden nei de boarlokaasje. Dizze lokaasje leit 18 kilometer noardlik fan it eilân. De boarring begjint op 16 febrewaris en sil twa oant fjouwer moannen duorje. De wurkgroep is freed ynformearre en hat it oer in ''oerfal.''

De wurkgroep en de gemeente binne tsjin de boarringen om't dy yn in kwetsber gebiet plakfine en om't der gemyske stoffen by brûkt wurde.

(advertinsje)