Brannen yn wenhûs en karavan yn Harns en Ljouwert

10 feb 2018 - 07:31

Oan de Jelle Bangastrjitte yn Ljouwert binne yn de nacht fan freed op sneon in wenwein, in karavan en in hokje troch brân ferlern gien. Der wiene op dat stuit gjin minsken oanwêzich. De melding kaam eefkes nei trije oere binnen, wêrop't de brânwacht mei twa tankautospuiten útriden is. Goed in healoere letter wie de brân ûnder kontrôle. Opfallend wie dat der brân wie yn sawol de wenwein as de karavan, wylst sy sa fier faninoar ôf stiene dat it fjoer net oerslaan koe. De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak.

Fierderop yn de provinsje, yn Harns, is yn deselde nacht in sliepkeamer folslein útbaarnd. De bewenner waard wekker fan in reekmelder yn de wenning en koe sels út it hûs komme. De oarsaak fan de brân is net dúdlik. Fan de sliepkeamer bleau neat oer, de rest fan it hûs rûn reek- en wetterskea op. De bewenner is opfongen troch omstanners.
 

Trefwurden: 
brân Harns Ljouwert brânwacht
(advertinsje)