Ljouwert min plak foar jongere

15 jun 2012 - 10:23

De minste wyk foar jongeren yn hiel Nederlân leit yn Ljouwert. Neffens ûndersyk fan it Verwey-Jonker Instituut binne jongeren yn de wyk Schieringen min ôf. It giet dan om saken as kriminaliteit en bernemishanneling. Ek binne der in protte skoalferlitters dy't sûnder diploma gjin baan fine kinne.

Yn de Top 30 stean mar leafst fjouwer Ljouwerter wiken: De Skepenbuert, Bilgaard, de Frijheidswyk en de Wielenpolle. Opmerklik genôch is it plak dêr't jongeren it bêste ôf binne ek yn Fryslân te finen. It giet dan om de gemeente Skiermûntseach.

(advertinsje)