Sealfuotbalsters Drachtster Boys spylje lyk tsjin FC Gelre

Foto: www.dijksfotografie.nl

De sealfuotbalsters fan Drachtster Boys hawwe freedtejûn lyk spile tsjin FC Gelre út Doetinchem. Yn de earste helte wiene der wol kânsen foar de Drachtsters, mar se spilen net sterk genôch. Gelre kaam al gau op foarsprong en by rêst wie de stân 3-1 foar dizze ploech. Yn de twadde helte slagge it Drachtster Boys wol om kânsen te fersulverjen en mei in einstân fan 4-4 koene beide ploegen de punten ferdiele.

Avanti Stiens wûn de útwedstriid mei 1-0 fan Pernis.

09 feb 2018 - 23:09
(advertinsje)