Fryske maratonriders pakke de winst net yn Enschede

Foto: Neeke Smit

Sjoerd den Hertog hat freedtejûn de trettjinde maraton fan it reedrydseizoen wûn yn Enschede. By de earste trije sieten gjin Friezen, want as twadde kaam Simon Schouten oer de streek en Evert Hoolwerf waard tredde.

By de froulju wûn Iris van der Stelt. Ineke Dedden fan It Hearrenfean waard twadde en Margo van de Merwe út Wolvegea einige op it tredde plak.

09 feb 2018 - 22:24
(advertinsje)