Royale winst UNIS Flyers op Tilburg Trappers

© fotopersbureau MartindeJong
UNIS Flyers hat de kater fan de ferlerne bekerwedstriid fan ôfrûne snein goed fuortspield. De Feanster iishockeyers wûnen freedtejûn yn Thialf de BeNe-league kompetysjewedstriid mei 5-0 fan Tilburg Trappers. De perioadestannen wiene 1-0, 3-0 en 1-0.
Nei in oanfallende start iepene Yan Turcotte de skoare foar de Flyers. Ek yn de twadde perioade skoarde de thúsploech betiid. Diskear wie it Ronald Wurm, op oanjaan fan Marco Postma en Adam Bezak. Net lang dêrnei skeat Lars den Edel de puck op de latte fan de Tilburgse goal. Oan 'e ein fan de twadde perioade hellen de Flyers noch efkes flink út troch binnen ien minút twa kear te skoaren. Aldo van Aalderen makke de 3-0 en opnij Turcotte de 4-0.
Yn de tredde perioade krigen de Flyers ferskate kânsen, mar de Tilbugse keeper stie hieltiten yn it paad. Dochs wist Den Edel de 5-0 einstân noch op it skoareboerd te bringen.