Pleatsen no ek as gewoan hûs

15 jun 2012 - 10:19

Eardere boerepleatsen meie tenei ek bewenne wurde troch minsken dy't der net buorkje wolle. Dat hat de twadde keamer besletten. No jildt in boerepleats as in bedriuwswenning en mei dy dus net as gewoan wenhûs brûkt wurde. Troch dy regels steane in soad pleatsen leech, wylst der wol belangstelling foar is.

Mei de nije wet kinne eardere pleatsen de spesjale status fan plattelânswente krije. De pleats hâldt dan offisjeel it karakter fan in bedriuwswente, mar der meie ek oare minsken yn wenje.

Tagelyk hoege boerebedriuwen yn de omjouwing der net benaud foar te wêzen dat se klachten krije oer bygelyks stjonkerij. De NVM, de Nederlandse Vereniging van Makelaars is hiel bliid mei de maatregel.

(advertinsje)