Thúsnederlaach SC Cambuur tsjin MVV

Foto: awfoto

Sportklup Cambuur hat freedtejûn yn it eigen Cambuurstadion ferlern fan MVV Maastricht. It waard 2-0 foar de gasten út Maastricht.

Cambuur starte driigjend en de earste kâns fan de wedstriid wie dan ek foar de thúsploech. Martijn Barto skeat de bal mar krekt oer it MVV-doel nei in foarset fan Issa Kallon. De Ljouwerters hiene it dêrnei dreech mei de kompakte ferdigening fan MVV en de útploech naam it inisjatyf oer. Cambuur ûntsnapte oan in efterstân, doe't Sai van Wermeskerken de bal fan de doelline helle. Ek Cambuur krige noch inkelde kânsen yn de earste helte, mar de bal gie der net yn: Barto skeat op de peal en Mathias Schils miste ien op ien mei keeper Michael Verrips fan MVV.

Yn de twadde helte foel dan dochs de goal. MVV-ynfaller Tuur Houben passearre Xander Houtkoop en skode de bal efter keeper Erik Cummins. Krekt foar tiid makke MVV ek de 2-0 troch in goal fan opnij in ynfaller, Samy Mmaee. 

09 feb 2018 - 21:51
(advertinsje)