Fyfkesryk (Blauhús) fiert karnaval yn nagelnije feestseal

Yn Fyfkesryk, by guon minsken ek wol bekend as Blauhús, is freedtejûn Prins Ludus Ingenium ynstallearre as Prins Karnaval fan 2018. Dat barde yn de nagelnije feestseal achter kafee De Freonskip op in like nij karnavalspoadium. Troch dy nije foarsjenningen kin it karnaval fan Fyfkesryk wer jierren foarút, sa seit Prins Ludus. De jonge prins lit him de kommende swiere dagen bystean troch syn paazjefrou Froukje.
De nije feestseal siet freedtejûn fuortendaliks fol. De foarsjenning is tige wolkom, want sneontejûn is dêr it grutte karnavalsbal. De Blauhústers fiere dan ferklaaid feest. Minsken út oare Fryske doarpen en stêden, dy't dat ek wolris meimeitsje wolle, wurde by de doar tsjinhâlden. It feest is allinnich foar Blauhústers en foar minsken dy't by it doarp hearre.