Froulju SC Hearrenfean pakke trije punten yn Zwolle

Argyffoto © Vrouwenscheerenveen.nl
De froulju fan Sportklup Hearrenfean hawwe freedtejûn goede saken dien yn de earedifyzje. Se wûnen mei 2-1 by konkurrint PEC Zwolle.
PEC kaam al betiid op foarsprong troch in goal fan Babiche Roof en hâlde dy foarsprong fêst yn de earste helte. Hearrenfean begûn sterk oan de twadde helte en Tiny Hoekstra sette de Feansters binnen inkelde minuten mei twa doelpunten op in 2-1 foarsprong. Dy foarsprong waard dêrnei net mear út hannen jûn.
SC Hearrenfean stiet no op 21 punten út fjirtjin wedstriden. Se stean dêrmei op it tredde plak yn de earedifyzje. De top-5 pleatst him foar de kampioenspoule.