Twa Ljouwerters frijsprutsen fan ynriden op frou

09 feb 2018 - 21:17

Twa Ljouwerters dy't fertocht waarden fan it opsetlik oanriden fan in frou yn Ljouwert, binne troch de plysjerjochter frijsprutsen. De twa ûntkenne en der is net genôch bewiis. It Iepenbier Ministearje fertocht it duo fan 25 en 28 jier derfan, dat se yn maart ferline jier in pear kear ynrieden op in auto dêr't in frou yn siet. Dit barde achter it stasjon yn Ljouwert. De frou warskôge de plysje en dizze koe, nei in 'wildwestachtervolging' troch de stêd, de auto fan it duo klem ride. By de oanhâlding loste de plysje in warskôgingsskot.

Neffens de rjochter is der lykwols net foldwaande bewiis, dat de manlju by de oanriding fan de frou oanwêzich wiene.

Trefwurden: 
frijspraak ynride Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)