Dielnimmersfjild Alvestêde Ultraloop flink groeid

Foto: Omrop Fryslân
Organisator Klaas van Heeringen fan de Ultraloop

Der binne no al 31 dielnimmers foar de twadde edysje fan de Alvestêde Ultraloop. De dielnimmers drave en kuierje 230 kilometer efterinoar en de fluchsten dogge dat binnen 24 oeren. De earste kear dat de tocht hâlden waard, dienen der tolve minsken mei. Mei trochdat in yn de wrâld fan de ultralopen ferneamde persoan meidocht, binne dat der no folle mear. By de dielnimmers sit ek in Fries om utens út Hong Kong.

De start fan de Alvestêde Ultraloop is op sneon 19 maaie yn Boalsert. Alle dielnimmers binne dy dei fia ynternet te folgjen.

09 feb 2018 - 21:06
(advertinsje)