Finzenen Marwei sammelje jild yn foar bern mei kanker

09 feb 2018 - 20:56

Detinearden fan finzenis De Marwei yn Ljouwert ha mei-inoar jild ynsammele foar Villa Joep. It jild is bedoeld foar ûndersyk nei genêzing fan neuroblastoom. Dat is ien fan de meast agressive foarmen fan kanker, dy't bern krije kinne. It inisjatyf is naam troch Sebas, dy't fêstsit yn Ljouwert. Hy hie in filmke op telefyzje sjoen oer dizze sykte en dat rekke him sa, dat er wat dwaan woe.

Finzenen beskikke net sels oer harren jild en dêrom ha se mei in hantekening tastimming jûn, om in bedrach fan harren rekken ôfskriuwe te litten. Dat hat 638,50 euro opsmiten. By Villa Joep binne se bliid mei it inisjatyf fan Sebas. "U bent misschien wel een boef, maar wel eentje met een hart van goud", seit regiokoördinator Richard van Veluw, dy't de sjek oerlange krige.

Trefwurden: 
goed doel finzenen De Marwei
(advertinsje)