Selstraf easke tsjin twa manlju foar gewelddiedige ôfparsing
Tsjin in 61-jierrige Kimswerter, dy't fertocht wurdt fan in gewelddiedige ôfparsing, is twa jier finzenisstraf easke. In 67-jierrige âld-ynwenner fan Snits hearde yn deselde saak sechstjin moannen tsjin him easkjen. It twatal soe in man Kimswert mei geweld ôfparse hawwe nei in finansjeel skeel. In tredde fertochte út Easterwâlde krige ôfrûne simmer al in finzenisstraf fan trije jier foar syn oandiel yn dizze saak.
De Ljouwerter rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.