Lûd fleantugen boppe Lelystad Airport belibje

Foto: ANP

Ynwenners yn it suden en easten fan Fryslân kinne noch foar dizze simmer ûnderfine hoefolle leven de fleantugen boppe Lelystad Airport jaan sille. Der sil dan in saneamde belibbingsflecht organisearre wurde. In passazjiersfleantúch fan it type A320 of Boeing 737 sil de plande oanfleanrûtes fleane op in hichte fan 1800 meter. De eksakte datum fan de belibbingsflecht is noch net bekend.

Der is in soad wjerstân tsjin de útwreiding fan fleanfjild Lelystêd. Minsken binne bang foar lûdsoerlêst.

09 feb 2018 - 20:39
(advertinsje)