Mear shorttrackers dogge mei oan Star Class Friesland Cup

Wylst hast de hiele sportwrâld nei Súd-Koreä sjocht, falt der ek tichter by hûs noch wol it nedige oan topsport te genietsjen. Yn de Ljouwerter Alvestêdehal binne bygelyks dit wykein ynternasjonale shorttrackwedstriden. Mear as 150 riders út tal fan West-Europeeske lannen stride dêr om de saneamde Star Class Friesland Cup. Uteinlik giet it om kwalifikaasje foar de Europa Cup-finale fan ein maart yn Letlân.
It tal dielnimmers is sa grut, dat de organisaasje it programma in pear oeren nei foaren helje moast, om alle wedstriden ride te kinnen. Neffens foarsitter Geert Bloemhof wurdt it shorttrack hieltyd populêrder. Oarsaak binne de oansprekkende prestaasjes fan de Nederlânske shorttracktoppers en it spektakel yn de wedstriden.