Mûntsen op Skiermûntseach fine einlings kleaster

Mûntsen op Skiermûntseach - Foto: Omrop Fryslân

De mûntsen op Skiermûntseach ha lang om let in nij kleaster fûn. Healwei jannewaris 2019 ferhúzje se nei Herberg Rijsbergen op it eilân. It hotel op de eastkant fan it eilân giet dan ticht.

Abt Alberic neamt it plak perfekt. It histoaryske gebou hat neffens him al de sfear fan in kleaster. De mûntsen binne al sûnt 2015 dwaande mei it sykjen nei in ûnderkommen op Skiermûntseach. Plannen foar nijbou hellen it net troch in soad ferset fan de befolking.

09 feb 2018 - 20:21
(advertinsje)