Hoefolle Olympyske medaljes pakt Nederlân (en Fryslân)?

Olympysk Nederlân en Fryslân
Foto: ANP

Lang om let is it safier. Fan freed ôf baarnt it Olympysk fjoer twa wiken lang yn Súd-Koreä foar de 23ste Winterspelen. Binne de Nederlânske Olympiërs diskear like suksesfol as fjouwer jier lyn yn Sotsji? Doe helle Oranje mar leafst 24 medaljes binnen. Mei-inoar komme der yn Súd-Koreä 33 Nederlanners yn aksje en dêrfan komme der 13 út Fryslân, sa as Jorrit Bergsma, Sjinkie Knegt, Antoinette de Jong en Suzanne Schulting.

De alderearste Nederlânske gouden medalje op de Winterspelen waard yn 1964 trouwens helle troch in Fries. Yn Innsbruck wie Sjoukje Dijkstra út Akkrum de alderbêste by it keunstriden. Dêrnei moasten wy 34 jier wachtsje op de folgjende Fryske gouden medalje. Yn Nagano wie Ids Postma út Dearsum de rapste op de 1000 meter. Sven Kramer is de meast suksesfolle Fries ea op de Spelen. Hy wûn 7 medaljes, wêrfan 3 kear goud.

In sportdataburo hat foarsein dat Nederlân dizze Winterspelen 19 medaljes helje sil, wêrfan 6 kear goud. De earste Fryske sporters komme sneon al yn aksje. 

Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

09 feb 2018 - 20:15
(advertinsje)