Hieltyd mear sân yn Waadsee, oarsaak ûndúdlik

09 feb 2018 - 19:49

Yn de miks fan sân en slyk krijt it sân hieltyd mear de oerhân yn de Waadsee. Foar guon fûgels kin dat betsjutte, dat sy dreger oan fretten komme kinne. Dat docht bliken út ûndersyk fan it Koninklijk Nederlands Instituut voor Zeeonderzoek yn opdracht fan Rykswettersteat.

As der tefolle sân komt, ferearmet it ûnderwetterlibben en dêr binne in soad fûgels fan ôfhinklik. De iene fûgelsoart hat der wol mear lêst fan as de oare. Dêr komt by, dat fûgels troch de seespegelstiging aanst minder tiid hawwe om op drûchfallende platen oan fretten te kommen.

It is net wis oft dizze feroaringen permanint binne. Ek oer de oarsaak is noch gjin dúdlikheid.

Trefwurden: 
slyk sân Waadsee
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)