Proefboarring nei gas boppe Skiermûntseach op 16 febrewaris

Nije wike freed 16 febrewaris sil boppe Skiermûntseach in proefboarring nei gas hâlden wurde. It bedriuw Hansa fiert de boarring út om fêst te stellen hoefolle winber gas der yn it foarich jier ûntdutsen gasfjild sit. Hansa hat de tastimming fan it ministearje fan Ekonomyske Saken. De boartoer komt snein oer fan út IJmuiden.
It kolleezje fan B en W fan Skiermûntseach is ferrast oer de oankundiging fan de proefboarring. It kolleezje is pas freed oan 'e ein fan de middei op de hichte steld fan de boardatum en is dêr net bliid mei. De gemeente wol dat Hansa ôfsjocht fan de proefboarring en dat it ministearje him rjochtet op enerzjyboarnen dy't mear duorsum binne as gas.
Op 24 febrewaris wurdt der yn De Grinzer Pein aksjefierd tsjin gaswinning yn de provinsjes Fryslân en Grinslân.