Bear Boeloe fiert feestje mei 750ste ôflevering
Moandei wurdt de 750ste ôflevering fan de bernesearje Bear Boeloe útstjoerd. Hiele generaasjes yn Fryslân binne der grut mei wurden. Al hast 25 jier is it programma op de telefyzje en dêrmei is it nei De Fabeltjeskrant de langstrinnende bernesearje yn Nederlân.
Grutsk
De makkers fan Bear Boeloe binne grutsk. "It is te gek en tagelyk is it ek in befêstiging fan dat je dochs wol in libbenswurk oan it meitsjen binne", fertelt skriuwer en tekener Helena de Boer. Neffens de makker sit it sukses benammen yn de grutte knypeach nei de maatskippij. "Want dat hâldt it aktueel", seit De Boer. Se wol it rekôr fan de Fabeltjeskrant graach ferbrekke. "It is myn stribjen wol, ja".
Feestje
Leny Dijkstra en Feije van der Meer, dy't de stimmen fan de bisten dogge, binne ek bliid mei it sukses. "It is in feestje, dat we dit no al sa lang dwaan meie", seit Leny Dijkstra. "It is mear as in sljocht ferhaaltsje, der sit altyd wol in moraal of in fergeliking mei it libben fan de minsken yn." Feije van der Meer, de stim fan ûnder oare Bear Boeloe, fynt it machtich, mar realisearret him tagelyk dat hy ek in stikje âlder wurden is: "Meine liebe al 23 jier, dat is wol konfrontearjend."
Primeurke
Van der Meer wol wol in lyts primeurke fuort jaan oer de 750e ôflevering. "It giet oer flechtlingen, dy't op Skiermûntseach oankomme. Op in stuit komt der ek in Amerikaan mei de namme Bump. Dy wol fan it eilân in golfbaan meitsje. Hoe't dat ôfrint, dat moatte de minsken sels mar sjen", seit Van der Meer. De 750ste ôflevering is ien fan in rige. "Dy moatte de minsken allegearre sjen", sa fynt er.