Pyeongchang, dei 4: 1500 meter froulju

12 feb 2018 - 07:00

Ien ûnderdiel hjoed dêr't Friezen op yn aksje komme: de 1500 meter langebaanriden mei Ireen Wüst, Marrit Leenstra en Heather Bergsma.

13.30 oere: Reedriden, 1500 meter froulju

Ireen Wüst en Marrit Leenstra hearre beiden by it groepke favoriten op dizze ôfstân. Fjouwer jier lyn pakte Wüst sulver achter Jorien ter Mors en waard Leenstra fjirde. Dizze kear is Ter Mors der op de 1.500 meter net by. De grutste favoryt is lykwols Miho Takagi fan Japan. Sy is klassemintslieder yn de wrâldbeker. Hâldster fan it wrâldrekôr is Heather Bergsma. Sy rydt foar Amearika, mar wennet mei Jorrit Bergsma yn Aldeboarn.

Wüst komt yn rit alve yn aksje tsjin de Kanadese Brianne Tutt. Marrit Leenstra rydt fuort dêrnei tsjin de Poalse Katarzyna Bachleda-Curuś. De Amerikaanske frou fan Jorrit Bergsma, Heather Bergsma, is ynlotte op de fjirtjinde en alderlêste rit tsjin de Japanske favoryt Miho Takagi.

Tiisdei 13 febrewaris

Tiisdei ha we shorttrack. Alles oer de 1000 meter mei Sjinkie Knegt, Itzhak de Laat en Daan Breeuwsma en de heale finale fan de ôflossing by de manlju.

Foarsizzingen

Alle dagen docht in panel fan sportsjoernalisten in foarsizzing foar de medaljekânsen fan dy dei. Dat binne Johan Stobbe (Leeuwarder Courant), Koos Wieling (sjoernalist Omrop Fryslân), Lisette van der Geest (sjoernalist Algemeen Dagblad), Joris van den Berg (kommentator shorttrack NOS), Roelof de Vries (sjoernalist Omrop Fryslân) en Cees Juffermans (âld-shorttracker en analist NOS).

1500 meter froulju langebaan

Foarsizzing Koos Wieling

1. Miho Takagi
2. Ireen Wüst
3. Marrit Leeenstra

Foarsizzing Lisette van der Geest

1. Marrit Leenstra
2. Ireen Wüst
3. Miho Takagi

Foarsizzing Johan Stobbe

1. Ireen Wüst
2. Miho Takagi
3. Marrit Leenstra

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)