Wetterskipsbelesting omheech

De wetterskipslesten geane takom jier omheech. It giet om in persint as trije. Neffens Wetterskip Fryslân kin it net oars, omdat der mear jild nedich is om alle taken goed útfiere te kinnen. De krisis hat der foar soarge dat it wetterskip mear taken krigen hat, mei de kosten dy't dêrby hearre.
Dêr komme noch maatregels by op Europeesk en lanlik nivo. Ek hjir is de organisaasje mear jild oan kwyt. It wetterskip besuniget sels wol, mar dat smyt net genôch op.