Pyeongchang, dei 3: 5000 meter manlju

11 feb 2018 - 05:05

Op de 5000 meter foar manlju komt Sven Kramer foar it earst yn aksje. De twafâldich olympysk kampioen op de 5000 meter is hjoed ek wer de topfavoryt. Hy is net de iennige Fries op dizze ôfstân: Bob de Vries kin mei in útsjitter ek samar meidwaan om de medaljes.

8.00 oere: Reedriden, 5000 meter manlju

De earste rit op it iis fan de Gangneung Oval set al útein om 8.00 oere Nederlânske tiid. Kramer komt yn de foarlêste rit yn aksje tsjin de Dútser Patrick Beckert. Dêrmei is de lotting fan Kramer geunstich te neamen. De grutste konkurrinten hawwe dan al riden en dus wit Kramer wat der fan him frege wurdt.

De Vries hat dan ek al riden. De Vries komt yn rit fjouwer yn aksje tsjin Simen Spieler Nilsen út Noarwegen. Wrâldrekôrhâlder Ted-Jan Bloemen rydt yn de rit foar Kramer tsjin de Noar Sverre Lunde Pedersen.

Moandei 12 febrewaris

Moandei alles oer de 1500 meter by it langebaanreedriden mei Ireen Wüst en Marrit Leenstra.

Foarsizzingen

Alle dagen docht in panel fan sportsjoernalisten in foarsizzing foar de medaljekânsen fan dy dei. Dat binne Johan Stobbe (Leeuwarder Courant), Koos Wieling (sjoernalist Omrop Fryslân), Lisette van der Geest (sjoernalist Algemeen Dagblad), Joris van den Berg (kommentator shorttrack NOS), Roelof de Vries (sjoernalist Omrop Fryslân) en Cees Juffermans (âld-shorttracker en analist NOS).

Manlju 5000 meter langebaan

​Foarsizzing Koos Wieling

1 Sven Kramer (Nederlân)
2 Ted-Jan Bloemen (Kanada)
3 Bob de Vries (Nederlân)

​Foarsizzing Johan Stobbe

1 Sven Kramer (Nederlân)
2 Sverre Lunde Pedersen (Noarwegen)
3 Ted-Jan Bloemen (Kanada)

​Foarsizzing Lisette van der Geest

1 Sven Kramer (Nederlân)
2 Ted-Jan Bloemen (Kanada)
3 Bob de Vries (Nederlân)

De Olympyske Spelen yn Pyeongchang duorje fan 9 oant 25 febrewaris. Omrop Fryslân docht alle dagen streekrjocht ferslach fan de ferrjochtingen fan de Fryske sporters op radio en online. Al it nijs oer de Spelen is te finen op omropfryslan.nl/os.

(advertinsje)