Boargemaster Crone: "De Friesland moat selsstannich bliuwe"

09 feb 2018 - 17:08

De Friesland moat in selsstannige posysje yn Zilveren Kruis hâlde en dat moat goed op papier setten wurde. Dat seit boargemaster Ferd Crone fan de gemeente Ljouwert op it nijs dat de ûndernimmerskeamer tongersdei definityf akkoart gie mei it opgean fan de Fryske soarchfersekerder yn de Achmea-dochter Zilveren Kruis.

De ûndernimmingsried hie de oername oan de ûndernimmerskeamer foarlein, mar ferlear de saak. It personiel en ek it fakbûn wolle dat De Friesland selsstannich bliuwt. Se litte it der noch net by sitte. Boargemaster Crone bliuwt optimistysk dat dêroer goede ôfspraken te meitsjen binne, wêrby't de wurkgelegenheid foar Ljouwert behâlden bliuwe kin. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)