Opblaastastellen weinaam

By in ynbraak op it Hearrenfean binne foarige wike grutte opblaasbere boarterstastellen stellen. De ynbraak hat plakfûn yn de nacht fan 8 op 9 juny, bij in bedriuw oan de Jupiter op it Fean.
Neist de opblaasbere boarterstastellen binne profesjonele naaimasines en pompen meinaam. Sjoen it gewicht en de omfang fan it stellen guod is neffens de plysje gebrûk makke fan in frachtwein. By it ûndersyk hat de plysje sieraden fûn, dy't mooglik fan de ynbrekkers binne.